Al mear as fyftich jier stiet Teake van der Meer op ’e planken. Om dizze moaie jierren te betinken spilet hy rûnom yn de teaters mei syn jubileumshow, yn Fryslân, mar ek dêr buten. Fyftich jier is in hiel skoft……….. út dy tiid hellet Teake fansels in oantal fan syn komyske grappen en anekdoates. Mar ek nije stikjes en typkes komme oan ‘e oarder, mei as ôfwikseling ferhalen fan hjoed de dei. En fansels misse Griet Wiersma en Minze Dijksma no ek net. Mei harren trijen soargje dizze ferneamde artysten foar in hiel noflike jûn.
Gewoan lekker laitsje om Teake syn grappen bytiden bystien troch Griet en Minze. Fierders sil Griet Wiersma bûten har besteande ferskes en meisjongers in oantal nije nûmers hearre litte, lykas Minze Dijksma dy’t mei syn fertroude droege humor syn keunsten al as net foar it deiljocht hellet.
Koartsein: in âlderwetske moaie (freedte)jûn om der even op út!
FREED 26 SEPT. 20.00 OERE KAARTEN (á 15,00) 0515-442593