Fryske skriuwers-dichters-middei

vlag-provincie-friesland-100x150-cm-waterborgSnein 9 novimber sil de earste Fryske skriuwers-dichters-middei plakfine yn It Heechhûs. De A.K. hat fjouwer renommearre Fryske skriuwers frege om nei Heech te kommen en is dêryn slagge: Ale S. van Zandbergen, Marga Claus, Hylke Tromp en Arjan Hut sille foarlêze út eigen wurk. Foar de muzyk soargje Ernst Langhout & Johan Keus.

Ale S. van Zandbergen waard yn 1956 berne yn Easterlittens, as slachterssoan, krekt as Lieuwe Bosgra yn syn debútroman. Hy wie ûnder mear redakteur fan it kulturele tiidskrift De Strikel. Yn it deistich libben is Van Zandbergen dosint wiskunde.Mei Littenser Merke hat Ale S. Van Zandbergen in ferskuorrend moaie roman skreaun oer twa haadpersoanen dy’t hiel fier fan inoar ôf lykje te stean. Dit boek kinne jo as lêzer allinne mar wurdearje as jo oan ‘kalmoanlêze’ dogge. Dan komme jo yn in wrâld telâne dy’t jo net gau wer loslitte sil: fol skjientme en heimsinnige spegelingen. Betsjoenend suver. Yn maaie dit jier krige Ale foar syn boek de Douwe Tamminga-priis en earder al de Rink van der Velde-priis.

Marga Claus (Ljouwert, 1955) debutearre mei ‘Oxzana’ (2000), it libbensferhaal fan in Oekraynske flechtling. Dizze dokumintêre roman ferskynde ek yn it Nederlânsk, lykas ‘De heit fan Serafyn’ (2003), basearre op de ferhalen fan in misjonaris op Papoea. Yn ‘Bollman & Bollman’ (2009) bringt se it ûnderwerp trafesty op it aljemint.

Hylke Tromp (1944), âld-learaar Nederlânsk, bespruts Fryske boeken ûnder oaren foar Omrop Fryslân – in part fan dy besprekkingen binne in 1998 útbrocht yn Spikers & koppen – en hy jout lêzingen oer de Fryske literatuer. Ek makket hy diel út fan de folkgroep ‘Wiltsje fan Paesens’ en spile as akteur mei yn it iepenloftspul fan Jorwert. Syn ûnderfining by it lêste ferwurke Hylke yn syn debútroman Noah dy ’t begin dit jier útkaam.

Arjan Hut (Drachten, 1976) is in Fryske skriuwer/dichter. Hy publisearre ûnder oare yn ‘de Moanne’ en ‘Hjir’. Yn 2004 ferskynde syn debútbondel ‘Nachtswimmers’. Hut wie fan 2003 oant 2006 de sintrale figuer by it ynternettiidskrift ‘Doar’ en letter wie hy warber foar de redaksje fan ‘Go-gol’. Hy wurket ek ûnder it pseudonym Goaitsen Andringa. Ek wie hy in jiermannich ferlyn ‘stadsdichter’ fan Ljouwert.

Snein 9 novimber oanfang 15.00 oere yntree 7,50